Werynrjochting Breedeplaats Frjentsjer wer stap tichteby

09 okt 2017 - 11:59
De Breedeplaats yn Frjentsjer - Foto: Google Street View

De werynrjochting fan de Breedeplaats yn Frjentsjer komt hieltyd tichteby. Der binne de lêste wiken mjittingen dien, slûven groeven en markearrings oanbrocht om te sjen oft it ûntwerp yn de praktyk wol past. Doel fan it ûntwerp fan Silvester Adema is om it plein nofliker yn te dielen en in bettere ferbining te meitsjen tusken de Dykstrjitte en de Foarstrjitte.

Op it nije plein komt ek de fontein fan Kulturele Haadstêd 2018. Der wurdt no noch socht nei in oannimmer. De skeppe giet dit jier de grûn noch net yn, mar it wurk moat foar Himelfeartsdei takom jier dien wêze. Dan wurde alle fonteinen fan it 11Fountains-projekt oplevere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)