Frou mei GHB en mes misdraacht har yn coffeeshop

09 okt 2017 - 09:54
Ghb - Foto: ANP XTRA

De plysje hat snein in besykster fan in coffeeshop oan de Tuinen yn Ljouwert oanhâlden. De 22-jierrige frou út de stêd misdroech har yn de coffeeshop en woe de saak net ferlitte. By de oanhâlding bliek dat se GHB en in mes by har hie. De frou hat proses-ferbaal krigen.

(advertinsje)
(advertinsje)