Dronken Ljouwerter sliept en miicht yn in oar syn auto

09 okt 2017 - 09:43
Foto: ANP

De plysje yn Ljouwert hat sneintemoarn in 19-jierrige Ljouwerter bekeurd, dy't dronken yn de auto fan in oar siet te sliepen. De eigener trof de Ljouwerter oan yn syn oan it Zenegroen parkearde auto en warskôge de plysje. Doe't dy de man wekker makke, die al gau bliken dat hy te folle drank op hie. De man hie ek yn de stoel fan de auto pisse. Dy skea sil neffens de plysje fergoede wurde.

De Ljouwerter krige in boete en is troch de plysje nei hûs brocht.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)