Fernijd Europaplein yn Ljouwert iepen foar autoferkear

09 okt 2017 - 09:07

It fernijde Europaplein yn Ljouwert is iepen. Moandeitemoarn om seis oere koene de earste auto's oer de rotonde. Dêrmei komt der in ein oan moannen fan oerlêst foar it ferkear op ien fan de wichtichste tagongsdiken fan Ljouwert. It plein moast fernijd wurde, om de trochstreaming te ferbetterjen en om't der faak ûnfeilige situaasjes wiene mei fytsers en fuotgongers. Dy geane tenei ûnder it autoferkear troch.

Der wurdt op dit stuit noch drok wurke oan dy tunnels foar de fytsers en kuierders. Dêrneist moatte de paralleldiken en it grien noch oanlein wurde. Dat is pas ein dit jier klear, mar dochs is it plein alfêst iepengien.

(Advertinsje)
(Advertinsje)