Kollum: "It KOTS Syndroom"

09 okt 2017 - 08:28

"Twa wike lyn hie ik it al efkes oer myn wenplak Aldegea. Alle dagen ryd ik it doarp yn en út. Ast in paad al sa faak riden hast, falle dy dingen hieltyd minder op. Mar foarige wike seach ik samar ynienen allegearre peallen mei read-wite linten lâns de dyk stean. It liken wol fan dy peallen dy't buerten brûke as fersiering by it doarpsfeest. Mar feest is it alderminst ast wist wat de reden is dat se dêr stean.

Dizze peallen jouwe nammentlik oan wêr’t enerzjybedriuw Vermilion 'seismisch' ûndersyk docht. Dat is in moai wurd foar it boarjen nei gas. En dêrmei komt de gaskoarts fan Henk Kamp sa stadichoan wol hiel tichtby hûs. Ferline wike moandei foel der nammentlik ek by my in brief op ‘e matte, mei tekst en útlis.

‘Vermilion is in augustus begonnen met seismisch onderzoek in uw omgeving. Wij hebben hiervoor de benodigde vergunningen verkregen. Aan de hand van de uitkomsten van het onderzoek krijgen we meer inzicht in de opbouw van de diepere ondergrond. Zo kunnen we een inschatting maken van de mogelijke aanwezigheid van aardgasvoorraden. Daarnaast opent het de deur naar een duurzame energiebron, namelijk de winning van aardwarmte. Zo kan dit onderzoek ook een rol spelen in de energietransitie in Nederland.’

Sjoch, dat dogge se tûk dêr by Vermilion. Om oan de ein fan de brief noch efkes oan te jaan dat it echt net allinnich giet om it finen fan ierdgas, mar dat it ûndersyk ek in duorsum doel hat, nammentlik it finen fan ierdwaarmte. Mar ik bin net ûnnoazel; dat is fansels dikke flauwekul. Dat is itselde as dat in goudsiker yn in kurkdroech doarpke yn Kenia ropt dat er op syk sil nei wetter. Mocht er goud tsjinkomme, ja fansels, dan nimt er dat mei. Mar it giet om it goeie doel: wetter foar de befolking. Jawis jong.

Ek de gemeente Smellingerlân is net ûnnoazel en hat besocht it boarjen nei gas tsjin te hâlden, mar dat is net slagge. De rjochter bepaalde dat Vermilion boarje mei wêr't se mar wolle. En no is it dus safier. No binne se ek al by ús yn Aldegea op syk nei nije ierdgasfjilden. Oeral komst de peallen mei read-wite linten tsjin. Yn stikken lân, lâns de kant fan de dyk en wa wit ynkoarten ek by by my yn de tún. ‘Komende weken zullen er enige werkzaamheden in uw omgeving plaatsvinden’, stiet yn de brief.

En ik jou earlik ta: dat jout echt in kutgefoel. Ik fûn it skande foar al dy Grinslanners mei harren bevings en ynstoartende hûzen. Mar no't se by my foar de doar boarje sille, bin ik echt lilk. Sjoch, dat der noch altyd ierdgas nedich is, dat snap ik ek wol. Mar dat soks út Aldegea komme moat; no nee, leaver net.

It NIMBY Syndroom neame se dat, learde ik by Ierdrikskunde. NIMBY stiet foar Not In My Back Yard, wat sa folle sizze wol as: ik fyn it allegear wol best, salang as it mar by in oar gebeurt en net by my yn 'e tún. Ik bin der wis fan dat ik dit syndroom ha. Net omdat alle tekenen wize op dizze diagnoaze, mar omdat elkenien lêst hat fan NIMBY. Elkenien. Ek do, Joline. It is minske-eigen om te hoopjen dat pech of ûngelok ússels noait oerkomme sil. Dus sa lang it by in oar is; is dat allinnich mar moai.

Mar ik bin net de iennige mei in syndroom. Ek by Vermilion ha se lêst fan in bepaald syndroom. It saneamde KOTS Syndroom. Dat stiet foar Kalm Oan Troch Sette en wol safolle sizze as: ast mar gewoan domwei trochsetten bliuwst, dan komst der fansels. Ek al binne der tûzenen minsken dy't dy wol skite en spuie kinne; by it KOTS Syndroom lûkst dy dêr neat fan oan en hâldst fol. Ek al moat der in rjochter oan te pas komme; Kalm Oan Troch Sette. Krekt sa lang oant minsken oerjaan moatte. Letterlik en figuerlik.

En dat wurket. Want op ferskate plakken yn ús provinsje is Vermilion yntusken oan it boarjen. En dus stiet der ynkoarten miskien ek wol sa’n peal mei in sierlik read-wite lintsje yn dy oardelkante meter grutte tún fan my. En it fucke fan de hiele situaasje is: ik kin der neat oan dwaan. No ja, hast neat. Ik sil yn elk gefal it read-wite flagje nei ûnderen skuorre as it safier is. Net hielendal stikken, mar healstôk. Presys sa’t wy ús yn Aldegea fiele."

(Advertinsje)
(Advertinsje)