Keramykmuseum Princessehof oant 2 desimber ticht foar publyk

09 okt 2017 - 08:21

Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert slút moandei de doarren. It museum, dat dit jier hûndert jier bestiet, wurdt ferboud. Under oare de yngong, de winkel, de teesalon en de tún wurde folslein fernijd. Op 2 desimber giet it Princessehof wer iepen foar publyk. It fernijde museum hat dan in nije opstelling fan de fêste kolleksje en fjouwer eksposysjes mei hjoeddeiske keramyk. Neffens direkteur Kris Callens fan it Princessehof is it museum dêrmei klear foar Kulturele Haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)