Auto botst frontaal op beam by Appelskea

08 okt 2017 - 23:19

Tusken Appelskea en Easterwâlde is op de Verlaat sneintejûn in auto frontaal op in beam lâns de kant fan de wei botst. Dit barde yn de buert fan De Fochtel.

De bestjoerder fan de auto is troch in omstanner opfongen en yn in oare auto set. Ambulânsepersoniel is oanwêzich en ek de traumahelikopter is op it plak fan it ûngelok oankaam. Oer de oarsaak is noch neat bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)