Sechsde plak foar Formule 2-koereur Nyck de Vries

08 okt 2017 - 21:57
Autokoereur Nyck de Vries - Foto: Omrop Fryslân

Nyck de Vries fan Twellingea kaam snein op it Formule 2-wykein yn it Spaanske Jerez de la Frontera as sechsde oer de finish. De 22-jierrige De Vries begûn troch de útslach fan sneon op it trettjinde plak, mar klom dus úteinlik op nei plak seis.

Artem Markelov út Ruslân einige yn dizze race op it earste plak. De Vries stiet yn it algemien klassemint no op it sânde plak. Charles Leclerc út Monako wûn sneon al it Formule 2-klassemint.

Trefwurden: 
Nyck de Vries Formule 2
(Advertinsje)
(Advertinsje)