Fytstocht om op needsaak duorsumens te wizen

08 okt 2017 - 20:35

In fytstocht troch Fryslân en in toer mei optredens fan ferskate artysten. It wiene twa aksjes dit wykein om oandacht te freegjen foar de dei fan de duorsumens, takom tiisdei. Duorsumensorganisaasje Urgenda fytst oant en mei tiisdei mei in groep oanhingers troch de provinsje om te wizen op de needsaak fan in duorsume takomst.

Tagelyk wol Urgenda bekendheid jaan oan de Elfwegentocht fan takom jier july as Fryslân fjirtjin dagen lang gjin fossile brânstoffen brûke sil foar it ferfier. Mei de akoestyske Grien 10 Muzyk Toer wurdt hjir ek oandacht foar frege. By dy toer, organisearre troch Piter Wilkens en Syb van der Ploeg waarden belangstellenden fossylfrij ferfierd nei fiif ferskillende lokaasjes. Dêr kamen ferskate artysten op, lykas Elske DeWall en Gé Reinders út Limburch.

Beide inisjativen kamen sneintejûn byinoar foar in slotkonsert, yn de Elfstedenhal yn Ljouwert.

(advertinsje)
(advertinsje)