Follybalsters VC Snits winne fiifsetter fan Flynth Fast

08 okt 2017 - 19:32
De follybalsters fan Snits - Foto: Martin de Jong

De follybalsters fan VC Snits ha snein de earste wedstriid fan it nije seizoen wûn. Yn it Limboarchske Gennep wiene de froulju fan trainster Petra Groenland nei fiif sets te sterk foar Flynth Fast (3-2).

Snits begûn net goed oan de wedstriid. De earste set gie mei 27-25 nei de tsjinstanner út Gennep. Dêrnei gie it better by de Snitsers: de twadde en ek de tredde set waarden yn winst omset. Dêrmei wie de wedstriid net spile. Flynth Fast wûn de fjirde set en soarge derfoar dat der in fyfde set oan te pas komme moast.

Dy set wûn Snits mei 15-10, wêrtroch't it nije seizoen begûn waard mei in oerwinning.

Trefwurden: 
VC Snits Flynth Fast follybal
(Advertinsje)
(Advertinsje)