Kuorballers LDODK ferlieze lêste fjildwedstriid

08 okt 2017 - 18:03
Foto: Omrop Fryslân

Nei fjouwer oerwinnings op rige, gie kuorbalploech LDODK sneintemiddei foar it earst dit seizoen ûnderút. Yn Delft ferlear de ploech út Terwispel en De Gordyk fan Fortuna: 22-18. De wedstriid tsjin Fortuna wie de lêste fan de earste helte fan de fjildkompetysje.

Nei in goed begjin fan LDODK, naam Fortuna stadichoan it inisjatyf oer. Mei in stân fan 9-7 yn it foardiel fan LDODK giene beide ploegen oan de tee.

Trefwurden: 
LDODK Fortuna kuorbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)