Aris begjint seizoen mei oerwinning op Weert

Aris © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris ha sneintemiddei harren earste kompetysjewedstriid fan it nije seizoen wûn. Yn Weert waard de thúsklup mei 96-80 oan de kant set. Grutte man oan de kant fan Aris wie Deividas Kumelis, dy't ferantwurdlik wie foar njoggentjin punten.
Nei it earste en twadde kwart fan de wedstriid, giene Aris en Weert rêsten mei in stân fan 52-39 yn it foardiel fan de Ljouwerters. Dy foarsprong joech Aris net mear út hannen, wêrtroch’t de ploech fan trainer Tony van den Bosch mei in oerwinning oan it seizoen begûn is.