Sylster Marit Bouwmeester Europeesk kampioene

Regearjend olympysk- en wrâldkampioene Marit Bouwmeester is snein Europeesk kampioene silen wurden. Yn Barcelona einige de 29-jierrige sylster út Warten boppe-oan yn it klassemint fan de Laser Radial-klasse.
Bouwmeester kaam snein yn de earste race fan de dei as tsiende oer de finish, wylst grutte konkurrint Anne-Marie Rindom út Denemarken dizze race wûn. De twadde race moast de trochslach jaan wa't it Europeesk kampioenskip op har namme skriuwe soe. Dat waard dus úteinlik Bouwmeester, dy't yn it einklassemint Rindom achter har liet. It ferskil wie mar ien punt. Vasileia Karachaliou út Grikelân pakte de brûnzen medalje.