FIDEO: Brunch yn nij akwadukt Harns lûkt 450 'ouwe seunen'

In brunch yn it nije akwadukt fan Harns luts sneintemoarn sa'n 450 leafhawwers. De minsken betellen 15 euro foar in brunch mei dêrby de nedige gesellichheid yn de foarm fan muzyk. De opbringst fan it barren giet nei Stichting Hulphond. Sneintemiddei is de dyk fan 14.00 oant 17.00 oere wer iepen foar publyk. Dan kin elts dy't dat wol troch it nije akwadukt kuierje.