Drachtster modelautobeurs lûkt hûnderten leafhawwers

08 okt 2017 - 12:22

Hûnderten minsken kamen sneon ôf op de modelautobeurs yn it kongressintrum yn Drachten. Sammelers, modelbouwers en modelautoklups en oare leafhawwers koenen dêr te kust en te keur op syk nei autominiatueren. Ek wiene der radiografysk bestjoerde auto's en drones te bewûnderjen.

De organisaasje seit dat it de grutste beurs op dit mêd yn it noarden is. De beurs is dit jier foar de sande kear hâlden. En it is ek it doel om dêr de kommende jierren mei troch te gean.  

Trefwurden: 
modelautobeurs
(advertinsje)
(advertinsje)