Fierder plysje-ûndersyk nei strjitrôf yn Snitser park

08 okt 2017 - 11:54

De plysje docht fierder ûndersyk nei it ynsidint fan sneon yn it Snitser Wilhelminapark. Yn de omjouwing fan it park waard sneontemiddei in man fan 28 fûn dy't ferskate ferwûnings hie. De plysje tinkt dat de man, sûnder fêst wen- of ferbliuwplak, it slachtoffer wurden is fan strjitrôf. Hy soe dêrby mei in mes stutsen wêze. De man is foar behanneling nei it sikehûs brocht. 

It Wilhelminapark hat in skoft ôfsletten west foar it publyk. Ek is in speurhûn ynset. De plysje besjocht ek oft bylden fan bewakingskamera's wat mear ynformaasje jaan kinne mei help fan it projekt 'Camera in beeld'. 

Trefwurden: 
Wilhelminapark strjitrôf
(advertinsje)
(advertinsje)