Spannende dei foar Epke Zonderland

08 okt 2017 - 11:16

It is snein der op of der ûnder foar Epke Zonderland. De topturner fan It Hearrenfean komt sneintejûn yn it Kanadeeske Montréal út yn de finale op de rekstôk. It is foar it earst sûnt tsien jier dat twa Nederlanners dizze tastelfinale helle hawwe, want njonken Zonderland stiet ek Bart Deurloo yn de finale. Zonderland jildt as favoryt, mar talint Deurloo is seker net kânsleas. Der wurdt rekken mei hâlden dat Deurloo fjouwer flechtelemminten yn syn oefening opnimt. 

Zonderland hat it foardiel dat er earst sjen kin wat Deurloo docht, want dy turnet yn de finale as earste. Epke Zonderland komt as tredde oan bar. Dat is om likernôch 22.00 oere Nederlânske tiid. Ek Zonderland hat de mooglikheid om fjouwer flechteleminten yn syn oefening te ferwurkjen. De spektakulêre rekstôkfinale is it alderlêste ûnderdiel fan it WK turnjen.  

Trefwurden: 
turnjen Epke Zonderland WK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)