Berôving mei geweld yn Ljouwerter Vossepark

08 okt 2017 - 10:55

De plysje ûndersiket in berôving mei geweld, sneintemoarn betiid yn it Ljouwerter Vossepark. De melding kaam sneintemoarn tsjin sân oere. In man wie yn it park berôve en dêrby swier mishannele. It ynsidint barde op in steiger by in fiver yn it park. Op dy steiger leit no op ferskate plakken bloed. It liket der op dat der ferskate dieders oan de berôving meidiene. 

Sy binne nei de berôving útnaaid en noch net troch de plysje achterhelle. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht. It is noch net bekend hoe't it slachtoffer der oan ta is. De forensyske opspoaring fan de plysje hat spoaren fan de fertochten fêstlein. 

Trefwurden: 
berôving Vossepark
(advertinsje)
(advertinsje)