Mar pear ynsidinten mei eigen selkaai foar finzenen

08 okt 2017 - 09:51
Finzenis PI Ljouwert - Foto: DJI

Offisjeel is it noch hieltiid in proef, mar tûzenen detinearden hawwe de ôfrûne jierren in kaai krigen dêr't se har eigen sel mei ôfslute kinne. De 'eigen selkaai' is ynfierd yn 19 fan de 28 finzenissen fan Nederlân. De PI Ljouwert is ien fan de finzenissen dy't oan de proef meidocht. It skeelt de sipiers in soad wurk, mar der wurde ek wol ynsidinten meld. Sa is yn Ljouwert al wolris in kaai ferdwûn en in slot sabotearre. Dat moast oanslutend ferfongen wurde.

De ûnderfinings mei de eigen selkaai binne oer it generaal posityf, seit ek de Centrale Ondernemingsraad fan de finzenissen. Mei de eigen selkaai kinne finzenen de seldoar fan bûten ôfslute as se oan it wurk geane of nei de rekreaasjeromte. Dat foarkomt dat oaren yn de sel komme kinne en guod meinimme. Der is dêrtroch folle minder ûnrêst yn de finzenis. De sipiers hoege no net mear om it hutsje allegearre doarren iepen en ticht te dwaan en hawwe dêrtroch mear tiid foar oar wurk.

In eigen selkaai jout de detinearen ek wat mear eigen ferantwurdlikheid. De kaaien kinne net brûkt wurde om de sel oan de binnenkant iepen of ticht te dwaan; de kaai wurket allinnich oan de bûtenkant. De sipiers moatte de detinearden noch wol goed yn de gaten hâlde. Yn de finzenis fan Lelystêd waard in eigen selkaai al sa manipulearre, dat dy ek brûkt wurde koe foar it iepenjn fan it haadslot fan de finzenis, De detinearden koene hjirtroch yn inoars sel komme. Fluch yngripen troch meiwurkers fan de finzenis koe foarkomme dat hjir spul fan kaam.

Trefwurden: 
selkaai finenen finzenis
(advertinsje)
(advertinsje)