Frou keapet stellen scooter op Marktplaats

08 okt 2017 - 08:18

De Ljouwerter plysje hat sneon in frou út Ljouwert in strafbeskikking fan 239 euro jûn, omdat se op in stellen scooter fuortride woe. Dat barde op de Bernard Zweerstrjitte yn it Ljouwerter Valeriuskwartier. De frou sei dat se de scooter op Marktplaats kocht hie. De frou wurdt letter noch oanhâlden foar neier ûndersyk yn dizze saak. 

Trefwurden: 
scooter stellen Marktplaats
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)