Dútser rydt 55 kilometer te hurd en moat rydbewiis ynleverje

De plysje betrape sneontejûn by Wurdum in jonge Dútser (21) op te hurd riden. De man wie blykber even fergetten dat der maksimum snelheden jilde yn Nederlân, want hy ried mei 155 kilometer de oere oer de N31. Omdat de maksimum snelheid op dat plak 100 kilometer de oare is, is it rydbewiis fan de man ynfoardere.

Op de Oeriselseleane yn Goutum trappearre de plysje trije autobestjoerders op it riden troch read ljocht.