Drokke nacht foar Ljouwerter plysje

08 okt 2017 - 07:34
Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

De Ljouwerter plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in drokke 'hoarekanacht' meimakke yn Ljouwert. Yn it útgeanssintrum dielde de plysje trije kear boetes út foar wyldpisjen en twa kear foar it meinimmen fan drank op 'e dyk. De plysje moast ek ferskate kearen yngripe om te foarkommen dat jongfolk inoar te liif gean soe. Hjirby waard ien kear in boete útdield foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.

Op de Sudersingel yn Ljouwert wie jongerein dwaande om in 'feestje' te bouwen by it gebou fan Rykswettersteat. De plysje makke hjir in ein oan en joech it jongfolk de opdracht om ek de binde dy't se makke hiene op te rûmjen.

Yn de Robinsonstrjitte waard in Ljouwerter (55) oanhâlden foar it driigjen mei in mes. Dizze man is fêstset yn ferbân mei neier ûndersyk.

Oan de Keizerskroon moast de plysje yngripe by lûdsoerlêst en dat wie net foar it earst. De plysje hie de ôfrûne moanne al seis kear earder by de man west foar deselde klacht en hold de man dêrom no mar oan. De man besocht dat te foarkommen troch de doar nei syn sliepkeamer te barrikadearjen, mar dat hold de plysje net tsjin. Ek dizze fertochte is ynsletten.



(Advertinsje)
(Advertinsje)