IIshockeyers UNIS Flyers ûnderút tsjin Herentals

07 okt 2017 - 22:12

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe sneontejûn op It Hearrenfean mei 5-4 ferlern fan Herentals. Yn de wedstriid om de BeNe-league kamen de Flyers nei de earste perioade op in 2-1 foarsprong. Dêrnei setten de gasten fan Herentals flink oan en namen se de toukes yn hannen.

Yn de lêste perioade makke UNIS Flyers noch 4-4 lyk, mar yn de ekstra tiid, de ferlinging, krigen de Feansters fan coach Mike Nason de winnende goal om de earen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)