Baanrekôr foar Sven Kramer yn Inzell

Kramer dwaande mei syn rekôrrace tsjin de Rus Yuskov © Timsimaging
Sven Kramer hat sneon by in trainingswedstriid yn Inzell in baanrekôr delset. De reedrider fan LottoNL-Jumbo die dat op de 3000 meter, dy er yn 3.37.45 ôfwurke. Kramer, dy't takom jier op de Winterspelen yn Pyeongchang foar trije kear goud giet, rekkene yn in streekrjocht duel ôf mei de Rus Denis Joeskov. It wie in moaie race. Joeskov pakte earst de lieding, mar Kramer pakte him wer werom yn de lêste binnenbocht.

''Ik fyn it noflik om fuortendaliks skerp te wêzen'', sei Kramer. ''Ik haw hjir in goed gefoel oan oerhâlden.''