FIDEO: Ljochtspektakel by it Boalserter stedhûs

07 okt 2017 - 20:55

In bysûnder en opfallend ljochtspektakel freedtejûn yn Boalsert. It histoaryske stedhûs stie mear as in healoere folop yn it ljocht, kombinearre mei byld en muzyk. It wie de ôfsluting fan it Fryske Marreprojekt. Hjirby is sûnt 2000 in pear hûndert miljoen útjûn om Fryslân as wettersportgebiet op te kreazjen en noch mear op 'e kaart te setten.

(advertinsje)
(advertinsje)