Twa Drachtsters om it libben kaam by ûngelok Lippenhuzen

07 okt 2017 - 19:02

De twa minsken dy't sneontemiddei om it libben kamen by it ûngelok by Lippenhuzen, binne in 44-jierrige man en in 64-jierrige frou út Drachten. De twa persoanen sieten tegearre yn ien auto en kamen úteinlik tsjin in beam ta stilstân. By it ûngelok wie ek noch in oare auto belutsen. De trije minsken dy't dêryn sieten, binne net ferwûne rekke.

It is noch net bekend hoe't it ûngelok barre koe. Der wie gjin sprake fan in frontale oanriding. Fanwegen it ûndersyk is de bestjoerder fan de oare auto oanhâlden. It giet om in 72-jierrige man út Jobbegea.

Undersyk

De plysje hat spoare-ûndersyk dien op de Sweachsterwei. Ek binne de beide auto's ûndersocht. De plysje is noch op syk nei minsken dy't mear witte oer it ûngelok by Lippenhuzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)