Drachtster dosint útroppen ta mbo-learaar fan it jier

© ROC Friese Poort
Conrad Berghoef fan ROC Friese Poort is sneon útroppen ta mbo-dosint fan it jier. Dat barde op de lanlike ferkiezingen foar Learaar fan it Jier, ûnder superfyzje fan ûnderwiisminister Jet Bussemaker. Berghoef jout Nederlânske les op de lokaasje fan ROC Friese Poort yn Drachten.
Neffens de sjuery is de learaar ''een docent die zichzelf totaal in dienst stelt van zijn studenten''.