Kuorballers SCO mei minym ferskil foarby Oost-Arnhem

07 okt 2017 - 17:37
Kuorballers fan SCO - Foto: PEEM Media

De kuorballers fan SCO hawwe sneontemiddei mei in minym ferskil ôfrekkene mei Oost-Arnhem. Yn Arnhem waard it úteinlik 17-18 yn it foardiel fan de ploech fan Aldeholtpea. SCO hat no seis wedstriden spile yn de haadklasse en alle seis ek wûn. Takom wike spylje de kuorballers wer in wedstriid op it eigen fjild. Dan nimme se it op tsjin it earste team fan HKV/Ons Eibernest. It is de lêste fjildwedstriid foar de sealkompetysje.

Trefwurden: 
kuorbal SCO Aldeholtpea
(Advertinsje)
(Advertinsje)