Tefolle reinwetter: autocross De Knipe giet net troch

Kollum © www.RaRaRacing.nl
De autocross fan De Knipe giet net troch. It reinwetter fan sneontemoarn en it noch ferwachte wetter sneontejûn hawwe derfoar soarge dat it terrein te min is om te racen. De organisaasje lit witte dat der noch nei in oare datum socht wurdt. De optocht, dy't yn earste ynstânsje sneon ek hâlden wurde soe, is troch it waar ek ferpleatst nei snein.