Earste en romme oerwinning foar ONS Snits tsjin Spijkenisse

ONS Snits hat yn de tredde difyzje de earste winst helle. Spijkenisse waard op it Sudersportpark mei 5-1 ferslein. In eigen doelpunt en in knappe goal fan Curty Gonzales betsjutte 2-0. In frije traap fan Spijkenisse yn de lêste minút fan de earste helte brocht de stân by it skoft op 2-1.
Nei de tee makke ONS dien wurk. Genridge Prijor, Michael Lanting út in penalty en Fabian Stevens tekenen doe foar de doelpunten.
De ploech fan trainer Chris de Wagt stiet no fyftjinde. Takom wike moat ONS ôfreizgje nei Hurderwyk foar it duel tsjin VVOG.