Harkemase Boys ferspilet winst tsjin Capelle

Harkemase Boys hat sneontemiddei trije punten ferspile yn it duel tsjin Capelle. Op sportpark De Bosk waard it úteinlik 2-3 foar de besikers. Dat wylst Harkemase Boys nei fyftich minuten spyljen troch goals fan Jan Hooiveld en Johnny de Vries noch mei 2-0 foar stie. Yn de slotfaze wie Capelle de bettere ploech. Mei in doelpunt fan Omar Gomes Shee pakten de besikers yn de 95ste minút de winst.
Takom wike sneon komme de Harkemasters wer yn aksje, dan stiet in útwedstriid tsjin Quick Boys op it programma.