Teloarstellende haadrace foar Nyck de Vries yn Spanje

Autokoereur Nyck de Vries © Omrop Fryslân
Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat sneontemiddei gjin yndruk meitsje kinnen yn de haadrace fan de Formule 2. By de wedstriid op it sirkwy yn Súd-Spanje einige De Vries op in teloarstellende trettjinde plak. De koereur begûn as achtste oan de race, mar sakke nei in 'safety car-situaasje' fier fuort.
De winst yn Spanje gie nei de dit seizoen oppermachtige Charles Leclerc. De Monegask hat troch syn oerwinning de titel yn it Formule 2 kampioenskip al feilich steld.