Knegt fiifde yn finale 1500 meter, Schulting op plak fjouwer

07 okt 2017 - 15:35
Foto: AWfoto.nl

Sjinkie Knegt hat by de twadde wrâldbekerwedstriid yn Dordrecht in fiifde plak behelle yn de finale fan de 1500 meter. In oanfal fan Knegt yn de lêste ronde pakte ferkeard út, wêrtroch't er kânsleas wie foar in poadiumplak. Knegt pakte ferline wike yn Hongarije, by de earste wrâldbeker, noch brûns op de 1500 meter. De winst yn Dordrecht gie nei de Súd-Koreaan Hwang Dae Heon.

Foar Suzanne Schulting wie der sneontemiddei in fjirde plak yn de finale fan de 1500 meter. De oerwinning gie nei de Koreaanse Choi Min Jeong, folge troch de Kanadese Valerie Maltais en Shim Sik Hee (Koreä). By de fjouwer wrâldbekerwedstriden binne dit seizoen wichtige punten te ferdielen foar de Olympyske kwalifikaasje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)