Dit wykein festiviteiten op de nije N31 by Harns

07 okt 2017 - 15:28

De nije N31 by Harns is sawat klear. Tiid dus om belangstellenden dit wykein sjen te litten wat der de ôfrûne twa jier bard is. Troch de oanlis fan de fernijde autodyk en in akwadukt wurdt de trochstreaming yn en om Harns in stik better. Ek binne de wachttiden foar de Keningsbrêge tenei foar in grut part foarby.

Fierder rint it spoar tenei oer de N31 hinne. Der is sneon noch fan alles te dwaan en ek snein gean de festiviteiten de hiele dei troch.

Trefwurden: 
N31 Harns dyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)