Twa minsken ferstoarn by auto-ûngelok Lippenhuzen

07 okt 2017 - 15:04

By it earnstige auto-ûngelok op de Sweachsterwei flak bûten Lippenhuzen binne sneontemiddei twa minsken om it libben kaam. It giet om twa ynsittenden fan in auto dy’t fan de dyk rekke. Yn in oare auto dy't by it ûngelok belutsen wie, sieten trije minsken. Oer harren tastân is noch neat bekend. De trije wurde op it plysjeburo ûnderfrege.

Ferskate ambulânses en ek de traumahelikopter wienen oanwêzich op it plak fan it ûngelok. Om de ynsittenden út de auto te heljen, wie de brânwacht fan De Gordyk oanwêzich op it plak fan it ûngelok. Fanwege it ûngelok is de Sweachsterwei ôfsletten foar it ferkear. In ferkearsteam fan de plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)