Autorydster ûntwykt trekker en botst op beam

07 okt 2017 - 14:17
Foto: Sicco Riedstra

Twa ynsittenden fan in auto binne sneontemiddei ferwûne rekke op De Skieding, de dyk tusken Surhústerfean en de A7. De auto kaam yn de berm telâne by it útwiken foar in trekker. Dêrby botste de bestjoerster frontaal op in beam.

Yn de auto sieten trije minsken. Ien dêrfan hie gjin ferwûnings. De oare twa binne oerbrocht nei sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
auto-ûngelok skieding
(Advertinsje)
(Advertinsje)