Mear rêst en privacy by nije spoedeaskjende help MCL

07 okt 2017 - 13:55

Gruttere behannelkeamers en mear rêst en privacy. Dat falt op by in besite oan de nije spoedpolyklinyk fan it MCL. Dy is no de grutste spoedeaskjende help fan Noard-Nederlân. De âlde spoedpoly wie trettjin jier âld en oan ferfaning ta. De ôfrûne jierren groeit it tal pasjinten by de spoedeaskjende help elts jier mei sa'n 8 oant 10 prosint. It ôfrûne jier hawwe sa'n 27.000 minsken gebrûk makke fan de spoedpolyklinyk. De nije spoedeaskjende help kin no neist minsken mei in brutsen pols of in iepen wûne ek mear pasjinten mei kompleksere en swierdere ferwûningen better helpe. Tongersdei 12 oktober wurdt de spoedpolyklinyk offisjeel iepene, mar sneon krigen de eigen meiwurkers alfêst in rûnlieding.
 
Petra Bijlsma is ien fan de spoedferpleechkundigen dy't op de nije spoedpolyklinyk wurkje sil en hat belutsen west by de ûntwikkeling fan de nije spoedeaskjende help. "We groeiden echt út ús jaske. It gie gewoan net mear op de âlde poly. We wolle graach de pasjinten wat goeds biede, want it is fansels noait leuk om yn it sikehûs te bedarjen. Minsken komme hjir leaver net, sadwaande wolle we it sa noflik mooglik meitsje", seit Petra Bijlsma.
 
De omfang fan de spoedeaskjende help is no ferdûbele fan 1500 oant 3000 fjouwerkante meter en ek in stik praktysker yndield, neffens Bijlsma: "De âlde ambulânse-yngong siet neist de yngong foar pasjinten dy't mei eigen ferfier kamen. Dêrtroch ûntstiene der gefaarlike situaasjes om't ambulânses mei gong oanriden komme. De nije yngongen binne faninoar skieden. Yn de âlde situaasje moasten pasjinten bytiden út de ambulânse wei ek troch de wachtkeamer fan de spoedpoly ferfierd wurde, want sawol foar dy pasjint as de minsken yn de wachtkeamer net noflik is. Ek dizze situaasje sil op de nije poly net mear foarkomme."

Trefwurden: 
spoedeaskjende help MCL
(advertinsje)
(advertinsje)