Twa auto's stellen yn Winsum nei fertochte proefrit

07 okt 2017 - 12:30

Yn de nacht fan freed op sneon binne twa auto's stellen yn Winsum by autoferkeapbedriuw Van der Wal. It giet om in VW Caddy en om in VW transporter. De stellerij is bard tusken freedtejûn 18.00 oere en sneontemoarn 09.00 oere. De dieders binne op it hiem fan it bedriuw kommen troch it stek iepen te brekken. De plysje besjocht no kamerabylden fan in bedriuw yn de buert yn 'e hope dat dêr wat op te sjen is.

Twa manlju hawwe de ôfrûne wike in proefrit makke mei de auto's dy't no stellen binne. Neffens in meiwurker fan it bedriuw kin dat gjin tafal wêze. Hy hâldt der rekken mei dat de auto's ûnder dy proefrit klear makke binne om se letter te rôvjen. Mooglik is der in kopy fan in kaai makke of binne de auto's op in oare wize sa bewurke dat se maklik meinommen wurde kinne. De manlju fan in proefrit lieten ek in wat nuvere yndruk achter by it bedriuw. Tsjin ien meiwurker seine se dat se út Grins kamen, mar justjes letter seine se tsjin in oar dat se út Noard-Hollân kamen....


(Advertinsje)
(Advertinsje)