Mear as 2.000 ton poatierappels ferlern by brân yn Furdgum

In skuorre en in tal loadsen mei mear as 2.000 ton oan poatierappels fan de maatskip Vogels yn Furdgum binne sneontemoarn betiid folslein útbaarnd. De brân ûntstie mooglik yn in trekker dy't ûnder it ôfdak fan de loads stie. Der wiene gjin minsken yn de loads oanwêzich. De brânwacht út de omkriten kaam mei grut materieel op de brân ôf. Ek enerzjymaatskippijen wiene yn Furdgum oanwêzich om it gas en elektrisiteit ôf te sluten. De skea is grut.

Ferskate brânwachtkorpsen wiene sneon in grut part fan de dei noch dwaande mei it neiblussen. Neffens bouboer Leo Vogels is it bedriuw goed fersekere, mar hy hat wol in drege nacht hân: "It is net moai, as je je eigen sa yn 'e brân sjogge. We binne ús hele oogst kwyt, mear as 2.000 poatierappels. Allinnich de ierappels dy't noch yn de grûn sitte hawwe we noch."