Taksy Waaksma stapt wer nei rjochter om oanbesteging

07 okt 2017 - 11:18

Taksy Waaksma út Koatstertille stapt op 'e nij nei de rjochter oer de oanbesteging fan it WMO- en learlingeferfier yn Noard-East Fryslân. Waaksma krige yn de twadde oanbestegingsronde in part fan it taksyferfier tabedield. Twa bedriuwen út Assen, VMNN en Dorenbos, krigen ek ferfier gund yn de gemeenten Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân, Ferwerderadiel, Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen. Mar omdat beide bedriuwen deselde eigener hawwe en meikoarten ek fusearje sille, hiene se net meidwaan mochten oan de oanbesteging, fynt Waaksma.

De earste oanbestegingsronde waard ek al troch de rjochter weromdraaid. De gemeenten soene flaters makke hawwe by de beoardieling fan de oanbesteging. Waaksma giet no op advys fan syn advokaten op 'e nij nei de rjochter. Hy wol him bot ynsette foar syn sjauffeurs. In soad fan harren reitsje sûnder wurk, omdat sawol VMNN as Dorenbos oanjûn hawwe hast net ien oernimme te wollen.

Trefwurden: 
Taksy Waaksma oanbesteging
(Advertinsje)
(Advertinsje)