Drachtster belutsen by deadlik ûngelok yn Hoogeveen

07 okt 2017 - 10:56
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

By in ûngelok yn it Drintse Hoogeveen is freedtemiddei in 72-jierrige motorrider út Barneveld om it libben kaam. It slachtoffer ferlear de macht oer it stjoer en kaam yn botsing mei in 55-jierrige automobilist út Drachten. It ûngelok barde op de A28. De man út Barneveld ferstoar op it plak fan it ûngelok.

De plysje docht neier ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok motorrider
(Advertinsje)
(Advertinsje)