Miljoeneskea by grutte brân yn pleats Furdgum

07 okt 2017 - 07:42

In skuorre en in loads mei jirpelkratten oan de Camstrawei yn Furdgum (Frjentsjerteradiel) binne sneontemoarn betiid folslein útbaarnd. De brân ûntstie yn in trekker dy't ûnder it ôfdak fan de loads stie. Der wiene gjin minsken yn de loads oanwêzich. De brânwacht koe min oan wetter komme en moast grut wettertransport komme litte út Harns en dat koste tiid. Mei heechwurkers hat de brânwacht de brân bestriden. By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht sprekt fan in 'tige komplekse brân', dy't dreech te bestriden wie.

Ek de enerzjymaatskippijen wiene yn Furdgum oanwêzich om it gas en de elektrisiteit ôf te sluten. De brân is noch hieltyd oan de gong. De skea rint neffens de brânwacht yn 'e miljoenen. De folsleine jirpelrispinge is by de brân ferlern gien. De brân is op it bedriuw fan de famylje Vogels.


Trefwurden: 
jirpels Furdgum brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)