Bûn Fryske Fûgelwachten makket nije app

It Bûn Fryske Fûgelwachten (BFVW) komt mei in nije app, sa waard freedtejûn yn Wommels bekendmakke. Der bestiet ek al in app, mar neffens bûnsfoarsitter Rendert Algra is de nije nedich, om't it wurk foar frijwilligers dêrtroch makliker wurdt. Sa hoecht der bygelyks minder ynfolle te wurden.
De planning is dat de nije app yn febrewaris 2018 beskikber wêze sil. De app sil mear ynformaasje jaan as de besteande. Sa sil der net allinnich ynformaasje wêze oer de fûgelregistraasje, mar ek sil de app de predaasje yn kaart bringe. Neffens Algra kin de brûker fan de nije app yn it fjild al sjen wat de resultaten binne en dat kin mei de âlde app net.
Mei de nije app hopet it BFVW dat jongeren stimulearre wurde om it lân yn te gean. Der wurdt noch neitocht oer in oansprekkende namme foar de app. Minsken mei goede ideeën kinne harren tips stjoere nei info@bfvw.nl.