Sealfuotbalsters Drachtster Boys en Avanti ûnderút

Drachtster Boys © Omrop Fryslân
De twa Fryske fertsjintwurdigers yn de earedifyzje foar froulju, Avanti en Drachtster Boys, ha freedtejûn beide harren kompetysjewedstriid mei ien goal ferskil ferlern. Avanti gie yn eigen hûs ûnderút tsjin Pernis út Súd-Hollân (3-2), wylst Drachtster Boys ferlear fan FC Gelre (5-4).
Drachtster Boys kaam yn Doetinchem wol op foarsprong troch in doelpunt fan Jessie Prijs: 1-0. Nei't Gelre lyk makke, sette Esther van Toledo de Drachtster froulju foar de twadde kear dizze jûn op foarsprong.
De Drachtsters koene dit net fêsthâlde en seagen Gelre útrinnen nei 5-2. Dochs waard it noch even hiel spannend yn Doetinchem, mar fierder as twa goals yn de slotfaze kaam Drachtster Boys net: 5-4.