IIshockeyers UNIS Flyers winne yn en fan Tilburg

06 okt 2017 - 22:47

De UNIS Flyers ha freedtejûn de bekerkompetysjewedstriid yn en fan Tilburg wûn. De ploech fan trainers Mike Nason en Dennis Schreur wie úteinlik mei 3-1 te sterk foar de Tilburgers.

De earste perioade einige noch sûnder goals. Yn de twadde perioade kaam de regearjend lânskampioen op foarsprong. De Fin Pippo Limnell Finocchiaro sette de UNIS Flyers op 1-0. Tilburgspiler Viktor Nordemann soarge derfoar dat de stân wer yn lykwicht kaam te stean: 1-1.

Yn de tredde perioade besliste UNIS Flyers de wedstriid. Nei't earst Tony Demelinne de Feansters op foarsprong sette (2-1), makke Adam Bezak fiif minuten foar tiid oan alle spanning in ein: 3-1.

Sneon stiet de earste wedstriid yn de BeNe-league op it programma foar de UNIS Flyers. Op It Hearrenfean is dan HYC Herentals út België de tsjinstanner.

Trefwurden: 
UNIS Flyers Tilburg iishockey
(Advertinsje)
(Advertinsje)