Sân auto's yn beslach naam by kontrôle

06 okt 2017 - 22:15
Plysjemotor - Foto: ANP XTRA

De plysje en de Belestingtsjinst ha tongersdei by in mienskiplike kontrôle sân auto's yn beslach naam mei in ûnderlizzende skuld fan likernôch 91.000 euro.

Op de Drachtsterwei yn Ljouwert waarden yn totaal 88 auto's fan de 7200 scande kentekens oanhâlden. Op dizze wize koe de Belestingtsjinst nochris 16.000 euro oan iepensteande rekkens ynkassearje.

De plysje skreau by de kontrôle ek noch in pear boetes út foar it fêsthâlden fan in mobile telefoan by it autoriden. Dêrneist koe de plysje noch 700 euro oan iepensteande fonnissen ynkassearje.

(advertinsje)
(advertinsje)