SC Cambuur ferliest fan FC Emmen

Seis wedstriden op rige hie SC Cambuur net mear ferlern, mar oan dy searje kaam freedtejûn tsjin FC Emmen in ein. De Ljouwerters stapten yn Emmen foar de tredde kear dit seizoen as ferliezers fan it fjild (2-0).
De wedstriid kaam stadich op gong yn Emmen. Nei njoggentjin minuten wie de thúsklup it tichst by de iepeningsgoal, mar doelferdigener Jesse Bertrams en Marvin Peersman stiene de Emmenaren elk in kear yn it paad. Krekt letter wie Peersman sels gefaarlik oan de oare kant, mar syn skot waard tsjinhâlden troch keeper Dennis Telgenkamp fan Emmen.
Dochs wie it Emmen dat op foarsprong kaam. Oanfaller Cas Peters liet de fans yn de Jens Vesting jûchje: 1-0. Krekt foar it skoft wie Cambuurspiler Kevin van Kippersluis ticht by de lykmakker. mar hy koe in flaterke fan Telgenkamp net ôfstraffe, wêrtroch't Cambuur mei in achterstân oan de tee gie.

Dûbele wiksel

Trainer Marinus Dijkhuizen naam maatregels: hy helle Ricardo Kip en Mathias Schils derút en stjoerde Martijn Barto en Xander Houtkoop it fjild op. Nei in kertier yn de twadde helte stie it hast wer lyk yn Emmen, mar Justin Mathieu liet in grutte kâns lizze.
Tsien minuten letter wie it ynfaller Barto dy't krekt tekoart kaam foar syn tredde kompetysjetreffer. In minút nei't Nigel Robertha de blessearre rekke Mathieu ferfongen hie, wreide Emmen de foarsprong út. Omran Haydary makke der 2-0 fan. Dat wie ek de einstân.