Utstalling oer it libben fan Piter Jelles Troelstra

Yn Tresoar is freedtemiddei in permaninte útstalling oer Piter Jelles Troelstra iepene. Op de útstalling kinne minsken op in tiidline oan de muorre sjen wat foar libben de âld-steatsman hân hat. Ek is der omtinken foar de gedichten fan Troelstra. Guon fan syn gedichten binne troch 25 ferskillende bekende Friezen ynsprutsen en op de útstalling te belústerjen.
De útstalling oer Troelstra is in ûnderdiel fan Lân fan Taal dat by Kulturele Haadstêd 2018 heart. Bert Looper, direkteur fan Tresoar, is goed te sprekken oer de wize wêrop't de útstalling ynrjochte is. Sûnt it Letterkundich Museum ûnderdiel wurden is fan Tresoar spile de fraach al langer hoe't der omgien wurde moat mei Troelstra. "Wy ha in protte âld spul fan Troelstra en mei dizze nije formule litte wy sjen wat Troelstra foar ús betsjutte kin." Tagelyk mei de iepening fan de útstalling waard ek it boek 'De jonge Piter Jelles' presintearre. Dit boek is skreaun troch Bertus Mulder.