Breeuwsma, Knegt en Schulting nei kwartfinales 1000 meter

06 okt 2017 - 19:33

Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje hat har freed by de wrâldbekerwedstriden yn Dordrecht pleatst foar de kwartfinales op de 1000 meter. Sy wûn de searje wêryn't se útkaam mei grut gemak.

Op dyselde ôfstân wisten ek Sjinkie Knegt fan Bantegea en Daan Breeuwsma (Akkrum) harren by de manlju te pleatsen foar de kwartfinales. Breeuwsma waard yn syn searje hindere troch Shaolin Sandor Liu en om't de Hongaar om dy reden in penalty krige, waard Breeuwsma trochlitten nei de kwartfinales. Dy wurde sneintemiddei ferriden.

Letter op de dei strieden de Nederlânske manljus- en frouljusploech om in plakje yn de heale finales op de ôflossing. Hjiroan diene Schulting, Knegt en Breeuwsma ek mei. Beide ploegen slaggen yn harren missy en stride sneon om de medaljes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)