Optimistyske lûden op de Harnzer sakebeurs

06 okt 2017 - 19:14

Op de Harnzer sakebeurs 'Harlingen Business Experience' (HBE) wiene freed by de iepening in soad optimistyske lûden te hearren. Dy giene oer it ekonomyske klimaat, mar ek oer de saneamde traverse mei it akwadukt en de nije N31 dy't troch de stêd rint. Wol hie de beurs op wat mear dielname hope; 40 bedriuwen presintearje harren dêr dit wykein, wylst eins op it dûbele rekkene wie.

Foar de offisjele iepening wie âld-kommissaris en âld-minister Hans Wiegel útnûge. Hy priizge it 'eigenwize' Harns dat mei in sûne begrutting selsstannich bleaun is. De VVD-pommerant wie foarsichtich yn syn kommentaar op de útlekte plannen fan it nije kabinet: "Daar kun eigenlijk pas iets over zeggen als je het hele pakket hebt gezien." Wol liet hy noch witte dat oanpassings op it mêd fan de hypoteekrinte yn syn tiid ûnbesprekber wiene en dat er dat systeem fan doe eins noch altyd it bêste fynt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)